Yn’e lêste wedstriid fan 2018 ferlear Mid-Fryslân/Jansma Burdaard thús fan SCO. Yn 2019 is de earste wedstriid wer tsjin SCO. Aparte yndieling mar it is net oars. Alle ingrediënten wiene natuerlik wer oanwêzich. Folpakte tribunes mei blauw swart mar foarol read swart en dizze kear ek noch wedstriden yn it foarprogramma. Mid-Fryslân/Jansma Burdaard 3 bit de spits ôf tsjin SCO 3. Nei in knappe pot waard it in terjocht lykspul. Mid-Fryslân/Jansma Burdaard 2 hat in dyk fan in twadde helt spile, spitichernôch koene hja der net in punt oan oerhâlde. Hja ha 10 punten efter stien en kamen werom ta 25 – 25. Echter doe skoarde SCO noch twa kear en wie it in spultsje fan krekt net. Tige hurd wurke.
Lees verder...
Op zondag 13 Januari is het zover, dan speelt Mid-Fryslân/Jansma Burdaard 3(11:30), 2(12:50) en ons vlaggenschip (14:30) tegen SCO.
Jullie support is hard nodig!
Steun de selectie en ons derde team door in het rood zwart naar Wolvega te komen.
Tot zondag!
Alle ingrediënten foar in fantastysk kuorbalspektakel wiene wer oanwêzich yn Grou. Folpakte tribunes, de kleuren blauw wyt en read swart hiene goed harren best dien.
Spitich dat de bûn it wichtich fynt om IEN sa’n wedstriid te plannen. Earst noch in keale hal, gjin twadde teams dy’t spylje. Mar om goed 13.00 oere begjint it al te rinnen mei minsken. Hja wolle net te let wêze en fersekere wêze fan in goed plakje. Der koe wol ris in fracht minsken komme te sjen en dat wie ek sa. De sporthal siet grotfol kuorballeafhawwers en dan ha we it noch net iens oer de minsken dy’t thús efter harren laptop sieten.
Lees verder...
Na afloop van de wedstrijd tegen SCO is de Mid-Fryslân talkshow, georganiseerd door het mediateam en Sport in Grou. We blikken met de spelers, trainers en bestuurders terug op het succesvolle jaar en nemen een kijkje in de toekomst. Joop Spykstra zorgt voor livemuziek. Publiek is vanmiddag van harte welkom in de kantine van sporthal de Twine!
Lees verder...
Nei in net te bêste start fan’e kompetysje stie sneon de twadde thúswedstriid fan Mid-Fryslân/Jansma Burdaard 1 op it programma. Ut de earste fjouwer wedstriden waard der mar ien kear wûn, lokkich wol fan in direkte konkurrint. Sneon spilen we tsjin in titelfavoriet en dat bin der in protte yn dizze klasse, Rohda út Amsterdam. Dit sil wol lekker blufpoker wurde fan dy minsken en lekker wat “arrogantie” ynbringe. De boerkes tegen de stadsies.
Lees verder...