Fryske derby (deel 2/2)
Yn’e lêste wedstriid fan 2018 ferlear Mid-Fryslân/Jansma Burdaard thús fan SCO. Yn 2019 is de earste wedstriid wer tsjin SCO. Aparte yndieling mar it is net oars. Alle ingrediënten wiene natuerlik wer oanwêzich. Folpakte tribunes mei blauw swart mar foarol read swart en dizze kear ek noch wedstriden yn it foarprogramma. Mid-Fryslân/Jansma Burdaard 3 bit de spits ôf tsjin SCO 3. Nei in knappe pot waard it in terjocht lykspul. Mid-Fryslân/Jansma Burdaard 2 hat in dyk fan in twadde helt spile, spitichernôch koene hja der net in punt oan oerhâlde. Hja ha 10 punten efter stien en kamen werom ta 25 – 25. Echter doe skoarde SCO noch twa kear en wie it in spultsje fan krekt net. Tige hurd wurke.
Dan koene we der no foar sitten gean. Wa komt tsjin wa te spyljen en hoe hat de technische staf harren team tariede kinnen op dizze toch wol wichtiche wedstriid. By ús binne foaral by de fruolju wol wat ”pijntjes”, en dat kinne we eins net brûke. Lotte soe net spylje fanwege in blessure en mei Klaske har ankel witte we ek net of dat goed giet. We sille sjen. Marije start yn’e basis. Wa hjoed wint fan dizze beide ploechen komt twa punten los fan it twadde degradaasje plakje. Yn it begjin gong it noch wol aardich gelyk op mei de skoare. Mar je koene sjen dat SCO fysiek wat sterker wie en der ek goed gebrûk fan makke, foaral yn’e romte om’e koer. Mid-Fryslân/Jansma Burdaard rûn nei 1 – 1 eins fuort efter de feiten oan. It skot woe mar moeilik lukke. Kansen genôch, mar de ôfronding wie hjoed net sa as we graach wolle. SCO rûn út nei tusken stannen fan 4 – 2, 7 – 3 en 10 – 4. No hie it twadde sjen litten dat werom komme wol kin. Wy op’e tribune raze de ploech ta, trochsette, skoare en wat strakker ferdiegenje. It twadde diel fan’e earste helte komme we wat better yn it spul en wurdt der ek wat better sketten. Fan 10 – 4 wurdt it 10 – 6 en nei 11 – 7 komme we troch twa treffers fan Wessel krekt foar de pause werom yn’e wedstriid. De lêste goal fan Wessel wie súver in busserbeater. We gongen de klaaikeamer yn mei in stân fan 11 – 9. It koe dus allegearre noch.
Gelyk nei it fluitsignaal smiet Martijn de 12 – 10 troch de koer. Spitich dat SCO krekt as de foariche wedstriid hieltyd op dit soart mominten ek de koer wer wit te finen. Je komme der sa nea neist. Kamen we wer op ien, dan skoarde SCO ek wer. Sa gong dit troch oan’t 15 – 13 . Hjirnei wie it SCO wat no sjen liet better yn’e wedstriid te sitten en makliker te skoaren. Yn no time stie it 19 – 14 en wie it liuwen yn in goed resultaat fuort en dat mat oars. Nei stannen fan 21 – 17 en 25 – 20 waard der ôffluite, troch de prima fluitsjende skiedsrjochter, by in stân fan 27 – 21. De kommende wiken sil der keihurd fochten wurde moatte. We kinne it wol, nim de wedstriid mar tsjin Rohda. Leauwe yn je eigen mooglikheden en it komt goed. Troch de goeie punten fan dizze twa wedstriden mei te nimmen en ek de learpunten.
Sneon spilet Mid-Fryslân/Jansma Burdaard 1 thús tsjin AW/DTV.
Om te kunnen reageren op dit nieuwsbericht, moet u akkoord gaan met de social media cookies.